Stellingwervers prate yn Brussel oer it Nedersaksysk

28 sep 2016 - 20:13
  • Streekprodukten út Twente, dêr't se ek Nedersaksysk prate

Fertsjintwurdigers fan it Nedersaksysk binne woansdei foar in ynternasjonale konferinsje yn it Europeesk Parlemint yn Brussel. De konferinsje wurdt hâlden yn it ramt fan de Dei fan it Nedersaksysk. Sprekkers en saakkundigen fan ferskate Nedersaksyske dialekten komme oan it wurd oer de takomst fan de streektaal, wêrûnder fertsjintwurdigers fan it Stellingwerfsk.

Mei spesjale streektaalbus nei Brussel

Der ried in spesjale streektaalbus fia ferskate haltes yn Noard- en East-Nederlân nei Brussel. Yn dy bus sieten ek dr. Alex Riemersma, lektor Frysk en Meartalichheid fan Stenden Hegeskoalle en Henk Bloemhoff, taalkundige en streektaalfunksjonaris fan it Stellingwerfsk.

Ympuls

"It Nedersaksysk hat in flinke ympuls nedich. In triuw yn de rêch", seit Henk Bloemhoff. Hjir yn Fryslân ha we it dan oer it Stellinfwarfs, mar oare Nedersaksyske streektalen binne bygelyks it Drents, it Twents, it Grunnegers, it Aachterhoeks, it Sallaans en it Veluws. Der binne hieltyd minder minsken dy't dy talen sprekke.

Konvenant

Op it kongres wurdt praat oer in nij konvenant foar it Nedersaksysk. Hans Gerritsen, foarsitter fan de streektaalorganisaasje foar it Nedersaksysk (SONT) is mei it Ryk, de provinsjes en gemeenten yn petear oer sa'n konvenant. Hjiryn moat neiere erkenning troch it Ryk en in mearjierrich programma foar it Nedersaksysk opnaam wurde.

Inisjatyf fan Annie Schreijer-Pierik

De Dei fan it Nedersaksysk wurdt organisearre troch Europarlemintariërs Annie Schreijer-Pierik út Twente en Jens Gieseke út Emsland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)