Lemster arsjitekten meitsje ûntwerp foar Ljouwerter Beurs

28 sep 2016 - 19:58

J.O.N.G Arsjitekten fan De Lemmer sil de ûntwerpen foar de ferbouwing fan it Beursgebou yn Ljouwert ta nije fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins meitsje. Yn it gebou sit no noch de biblioteek, mar dy ferhuzet nei de eardere finzenis Blokhúspoarte.

Fan 2018 ôf gean de doarren fan de nije Kampus Fryslân iepen foar sa'n tûzen studinten. Der komme ûnder oare studio's, living labs, kolleezjesealen en stúdzjeplakken yn it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)