Klaas Haijtema op bylden fan BBC Myanmar: "I'm really sorry"

28 sep 2016 - 17:37

Klaas Haijtema (30) fan Wûns hat woansdei syn ekskuzen oanbean foar it stillizzen fan in boeddhistyske preek yn Myanmar, ek wol Birma, troch de stekker fan in fersterker út it stopkontakt te lûken. Op bylden fan de Birmeeske ôfdieling fan de BBC, dy't op Facebook pleatst binne, seit er: "I'm really sorry".

Fierders is te sjen dat Haijtema foarlaat wurdt by de rjochtbank. De Fries sit sûnt freed fêst yn in finzenis yn Myanmar.

Haijtema wie op wrâldreis mei syn freondinne. Flakby it hostel yn Myanmar dêr't se oernachten, wie in boeddhistyske gearkomste mei in soad leven. De Wûnzer frege oft it wat sachter koe, mar doe't dêr net op reagearre waard, luts hy de stekker fan de fersterker derút. Hy ferklearre woansdei, neffens in tweet fan BBC-korrespondent Jonah Fisher, foar de rjochtbank dat hy dy jûn hiel wurch wie en dêrom ta syn die kaam.

Haijtema is oanklage foar it misledigjen fan religieuze gefoelens en it oertrêden fan de ymmigraasjewetten. Him soe twa jier sel boppe de holle hingje. Op de BBC-bylden is te sjen dat er nei ôfrin fan de gearkomste yn de rjochtbank ôffierd wurdt yn in auto, mei hânboeiens om. De mem fan Haijtema hat fia fia te hearren krigen dat it goed giet mei Klaas. Hy seit goed behannele te wurden.

Neffens it nijsmedium Irrawaddy yn Myanmar komt de saak fan Haijtema yn in tiid dat der yn it lân sels hieltyd mear protesten binne tsjin de lûdsoerlêst by religieuze aktiviteiten. Der binne regels foar, mar net ien hâldt him dêroan en der wurdt ek net op kontrolearre, falt op de webside te lêzen.

Tongersdei giet it proses tsjin Haijtema fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)