Jannick de Jong hellet lang om let syn motorrydbewiis

28 sep 2016 - 17:35
  • Jannick de Jong

Jannick de Jong fan De Gordyk hat woansdei yn Beetstersweach syn motorrydbewiis krigen. Dat is opmerklik want de Nederlânsk kampioen gersbaanracen siet al op syn fjirde op in Yamahamotor, en in jier letter ried er syn earste wedstriid. Ferline jier waard er wrâldkampioen mar oant no ta hie er dus noch net it offisjele papierke om ek op de dyk ride te meien. Hy hie der tsien lessen foar nedich.

"Foar myn tritichste woe ik it motorrydbewiis helje en dat is no dus slagge. Ik bin fansels net foar neat behept mei it motorfirus."

Smite

"Ride koe ik fansels wol, mar ik moast leare om te remjen en te skeakeljen. Op in racemotor sit net iens in rem! Neffens de ynstrukteur moast ik minder mei de motor smite", laker Jannick. Hy hat al in motor kocht, in Norton út 1973. "Kommend wykein sil ik te toeren en de earste kilometers op de dyk meitsje. Hooplik bin ik gjin gefaar op de dyk!"

De gemeente Opsterlân, de winkelferiening, kommersjele klup en Pleatslik Belang fan De Gordyk makken it mei in sjek fan 1000 euro mooglik dat Jannick syn motorrydbewiis helje koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)