Achttjin gadingmakkers foar boargemaster Tytsjerksteradiel

28 sep 2016 - 16:45

Achttjin manlju en froulju wolle boargemaster wurde fan Tytsjerksteradiel. Om Eric ter Keurs op te folgjen ha 13 manlju en 5 froulju in sollisitaasjebrief skreaun. Mei 7 gadingmakkers is de VVD it romst fertsjintwurdige, oare sollisitanten binne lid fan de PvdA, GrienLinks, it CDA en D66. Fan ien gadingmakker is de politike kleur ûnbekend.

Kommissaris fan de Kening Joan Leemhuis- Stout makket in seleksje út de 18 sollisitanten en oerleit dêrnei mei de gemeentlike fertrouwenskommisje.

Dy kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de ried. De ried makket in kar út twa kandidaten dy't foardroegen wurde. Op dit stuit is Wilma Mansveld tydlik boargemaster yn Tytsjerksteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)