FIDEO: Fryske shorttrackers begjinne oan nij seizoen

29 sep 2016 - 05:20
  • Suzanne Schulting en Daan Breeuwsma

Mei it showen fan it nije tenu wêrmei't de shorttrackers dit seizoen ride sille, hat it reedrydbûn it nije shorttrackseizoen iepene. Fansels ken elkenien wrâldkampioen Sjinkie Knegt. Mar der binne noch in soad oare Fryske top-shorttrackers. Sterker noch, de nasjonale seleksje bestiet njonken Knegt út noch fiif Fryske shorttrackers. We stelle se oan jimme foar.

Daan Breeuwsma

Leeftyd: 28
Wenplak: Akkrum, komt út Aldeboarn (relaasje mei Rianne de Vries)
Beste prestaasjes: wrâldkampioen mei ôflossing yn 2014, brûns op 1500 EK 2014

 

Suzanne Schulting

Leeftyd: 19
Wenplak: It Hearrenfean, komt út De Tynje
Beste prestaasjes: sulver by wrâldbeker 1000 meter, fyfde op WK 2015

 

Rianne de Vries

Leeftyd: 25
Wenplak: Akkrum, komt út Aldeboarn (relaasje mei Daan Breeuwsma)
Beste prestaasjes: 3x brûns op NK, sulver mei ôflossing op EK 2015

 

Ithzak de Laat

Leeftyd: 22
Wenplak: It Hearrenfean, komt út Ljouwert
Beste prestaasjes: 3 x sulver wrâldbeker ôflossing, brûns op EK 2015 ôflossing

 

Dennis Visser

Leeftyd: 21
Wenplak: It Hearrenfean, komt fan De Lemmer
Beste prestaasjes: winst B-finale 1000 meter by wrâldbeker 2015, Europees kampioen ôflossing 2015

Aginda:

4-6 novimber, wrâldbeker, Calgary Kanada
11-13 novimber, wrâldbeker, Salt Lake City Amearika
9-11 desimber, wrâldbeker, Sjanghai Sina
16-18 desimber wrâldbeker, Pyeonchang Súd-Korea
7-8 jannewaris, NK, Amsterdam
13-15 jannewaris, EK yn Turijn
3-5 febrewaris, wrâldbeker, Dresden Dútslân
10-12 febrewaris, wrâldbeker, Minsk Wyt-Ruslân
10-12 maart, WK yn Rotterdam

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)