Britske keunstner Cornelia Parker ûntwerpt fontein yn Warkum

28 sep 2016 - 16:22
  • De Britske keunstner Cornelia Parker ûntwerpt de fontein yn Warkum

In nije keunstner is fûn foar de fontein dy't yn Warkum komme moat yn it ramt fan it 11Fountains-projekt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. It giet om de Britse Cornelia Parker. Sy folget in keunstner út Kameroen op, dy't him weromluts. Hy koe it net iens wurde mei de fonteinkommisje oer it ûntwerp. Doel is dat der yn 2018 yn alle alve stêden nije fonteinen komme, dy't betocht wurde troch ynternasjonale keunstners.

Cornelia Parker eksposearret al jierren oer de hiele wrâld yn grutte museums en galeries. De projektlieder fan 11Fountains, Anna Tilroe, is bliid dat it ûntwerpteam foar de alve fonteinen no wer kompleet is. "We zijn trots op de deelname van Parker en zien uit naar haar komst. De fonteincommissie van Workum bereidt al een warm welkomstprogramma voor. Parker gaat de inwoners van Workum zeker verrassen met haar ontwerp. Het zou mij niet verbazen als haar fontein een icoon wordt van de stad.”

Parker komt op 21 en 22 oktober nei Warkum om ynspiraasje op te dwaan en mooglike lokaasjes te besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)