Herre Zonderland sprekt op twadde TEDxFryslân

"Elkenien kin syn of har Olympyske foarm helje." Mei dat boadskip sil atleet Herre Zonderland as sprekker stean op TEDxFryslân. Dy byienkomst wurdt tongersdei hâlden yn Theater Sneek. De broer fan Epke fertelt oer syn ûnderfiningen yn fyftjin jier topsport en hoe't er dy brûke kin yn de maatskippij.
It is foar de twadde kear dat dizze wrâldwide ynspiraasjemiddei yn Fryslân organiseare wurdt. Op it evenemint ynspirearje dielnimmers elkoar en diele se ideeën.
"Ik fyn it in útdaging om te dwaan en eins ek wol spannend om't it yn it Ingelsk moat," fertelt Herre Zonderland. "Mar ik ha der ek sin oan om te fertellen oer hoe'tst it meast út dysels helje kinst."
All about me
It tema op de Fryske TEDx is ‘All about me’. It giet oer talinten en motivaasje. Wa’t syn eigen driuwfear en talinten ken, kin bydrage oan de maatskippij. De tolve sprekkers litte yn achttjin minuten mei har ferhalen sjen dat der sûnder 'ik' gjin 'ús' is. De fiifhûndert sitplakken binne allegear fersein.
Oare sprekkers binne sjoernalist Anne Peetoom en Laura F. Darlington, dy't fertelt oer har syktocht as MS-pasjinte nei de 'held yn harsels'.
De TEDtalks binne tongersdei te folgjen op in livestream en komme letter ek op in spesjaal YouTubekanaal.