Sjinkie Knegt begjint "topfit" oan nij shorttrackseizoen

Sjinkie Knegt is hielendal hersteld fan de blessueres dy't hy ferline jier oprûn. "Ik begjin topfit oan it nije seizoen." Knegt hat de folsleine tarieding folge mei de ploech. "It foardiel is dat ik net oan myn ûnderstel blessearre wie en dus frij gau wer it iis op koe."
Knegt foel ferline jier by in wrâldbekerwedstriid hurd tsjin de boarding. Dêr hâld hy doe in kniesde long, brutsen ribben en in skuorde milt oan oer.
WK Shorttrack yn Ahoy Rotterdam
It grutste doel foar Knegt is it werom pakken fan syn wrâldtitel. Twa jier lyn waard hy foar it earst wrâldkampioen, mar dit jier koe hy troch syn blessueres net meidwaan. Dit jier is it wrâldkampioenskip heal maart yn eigen lân. "Dat moat ik pykmomint wurde. By de wrâldbekers wol ik ek safolle mooglik op it poadium stean, mar by de titeltoernoaien, sa as it EK yn Turijn, wol ik der stean."
Comeback Viktor Ahn
De shorttracktopper Viktor Ahn komt ek wer werom. Sjinkie hellet syn skouders op: "No en?" Ferline jier stie Ahn it hiele seizoen bûtenspul troch in de knibbelblessuere. De Súd-Koreaan, dy't no foar Rúslân útkomt, is seisfâldich wrâldkampioen en dus krijt Sjinkie der in ekstra konkurrint by. De Bantegeaster is der net fan ûnder de yndruk. "Ik meitsje my der net drok oer."
Burd
Njonken syn herstel en it begjin fan it nije seizoen dat aanst los giet my in wrâldbeker yn Amearika en Kanada, gong it oer noch in ûnderwerp: Sjinkie syn burd. Is it syn nije styl? "Nee, ik bin gewoan lui."