Flechtlingen krije ekstra taalles op MBO

Jonge flechtlingen dy't fan de ynternasjonale skeakelklasse yn Drachten komme, krije tenei noch twa jier ekstra taalles op it MBO fan de Friese Poort. Yn de skeakelklasse sitte flechtlingen tusken de 12 en de 18 jier.
Sy streame faak troch nei it MBO, mar as sy dêr op sitte, hawwe se faak noch in protte muoite mei de taal. Sy meie de echte fakoplieding, bygelyks yn de bou, de soarch of de hoareka, no earst efkes útstelle en stoarte har dan hast hielendal op de taal.
Akkemar Born is dosinte oan de Friese Poort en hat foar har stúdzje ûndersyk dien nei de oergong fan de skeakelklasse nei it MBO. Neffens har docht yn de praktyk bliken dat in goeie oergong tusken de skeakelklasse en it MBO dreech is. Se fertelt: "Het blijkt dat de twee jaar als basis niet voldoende is. In de vervolgopleiding is daarom extra ondersteuning nodig. Ze moeten zich de taal eigen maken maar studeren daarnaast ook in die taal. De taalles helpt bij de algemene ontwikkeling en brengt andere vakken ook op een hoger niveau."
Staazje
De lessen begjinne moandei. Der binne 13 learlingen. "Ze krijgen tien uur taalles, maar ook bij een vak als rekenen komt veel taal bij kijken, dat realiseer je je misschien niet zo gauw, maar om te begrijpen wat er staat, moet je de taal kennen." Ek geane de learlingen frij flot op staazje dy't ek benammen rjochte is op it learen fan de taal. "In Balk is al een azc en ik denk dat bij de te openen azc's in Sneek en Heerenveen ook schakelklassen komen. Het probleem ligt in de aansluiting. Er is weinig kennis van elkaars onderwijs."