'Freonen fan Piter Wilkens' hâldt op te bestean

'De freonen fan Piter Wilkens' hâlde op te bestean. Dat heart slimmer as dat it is. De Fryske sjonger hat noch altyd wol in groep fan trouwe fans, mar de fanklup as groep hâldt op. "Eins is in fanklup net mear fan no. Yn dizze tiid fan sosjale media hâlde we elkoar fia Facebook op de hichte fan aktiviteiten as konserten," fertelt Marijke Jansma, foarsitter fan de klup. "It tal leden rûn werom en it waard hieltyd dreger om minsken foar it bestjoer te finen en om it fanboekje te meitsjen."
Jan de Boer hat de fanklup 21 jier lyn oprjochte. "It is spitich, mar ik begryp it beslút wol" seit er. Fans fan Piter Wilkens kinne alle ynformaasje op Facebook fine.