CBS: Wynmûnes wurde hieltyd heger

28 sep 2016 - 14:17

Wynmûnes wurde hieltyd heger. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Mar de hegere turbines wekke wol mear enerzjy op. Sa waard der yn 2015 lanlik sjoen tritich prosint mear wynenerzjy produsearre as in jier earder.

Ek de hichte fan de wynmûnen naam flink ta. Tusken 2002 en 2008 groeide it tal turbines fan tusken de 51 en 70 meter it sterkst. Sûnt 2011 komt hast trijekwart fan de wynenerzjy fan mûnes fan 95 meter of heger. Dit komt om't de wjukken fan dizze stellaazjes grutter binne en dus ek mear wyn fange.

Dêrneist is de grutte fan de sirkel dy't de wjukken meitsje, it rotoropperflak, fan belang. Hegere mûnes hawwe faak in gruttere rotor dy't dus ek mear enerzjy produsearret.

Wynpark Fryslân

Ek yn Fryslân wurde wynmûnes hieltyd heger. Sa komme der yn de Iselmar 89 mûnes fan tusken de 95 en 120 meter heech (mei de wjukken derby is de maksimumhichte 183 meter). De turbines moatte mei mekoar sa'n 320 megawatt opwekke. Dat telt op ta in produksje fan sa'n 1184 gigawatt yn it jier. Dêrmei soenen alle Fryske húshâldens fan stroom foarsjoen wurde moatte. Neffens planning soe it wynmûnepark yn 2020 yn gebrûk naam wurde kinne.

Njonken it wynpark yn De Iselmar komme der ek op it lân op ferskate plakken wynmûnen. Us provinsje moat yn totaal 530 megawatt oan skjinne enerzjy leverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)