Nei Mars? "De dwaasheid van de mensheid is onovertroffen"

28 sep 2016 - 13:59

''It liket my neat, wat moat ik dêr?'' Of: ''Hoe lang bin ik ûnderweis?'' De besikers fan in supermerk yn Stiens binne net sa posityf oer it nijs dat yn 2025 minsken nei Mars kinne.

De Amerikaanse miljardêr Elon Musk presintearre tiisdei syn plan om minsken nei de reade planeet te stjoeren. Hûndert minsken kinne per lansearring omheech, om dêr ek foar altiten te bliuwen en in eigen mienskip op te bouwen.

"Onovertroffen dwaasheid"

In frou sjocht dat net sitte: ''Dat zou mooi zijn, maar als ik nu naar het tv-programma Utopia kijk, dan word ik daar niet vrolijk van." In oare supermerkbesiker fynt it absurt om in ekstra planeet te hawwen foar it gefal dat de ierde ûnbewenber wurdt: ''De dwaasheid van de mensheid is onovertroffen. De planeet kan ook zonder ons. Andere diersoorten zijn uitgestorven, als we niet slim genoeg zijn kan ons dat ook overkomen.''

In famke fan 18 jier liket in potinsjele kandidaat foar de reis: ''Ik wol der wol efkes sjen'', mar as se heart dat it 2 ton kostet om op Mars te kommen, dan wol se net mear: ''Dan bliuw ik lekker yn Stiens''.

Gek op aventoer

Dochs liket der wol wat avonturiers te wenjen yn Stiens. In heit en soan ha der wol niget oan. As de heit wat jonger west wie wie hy sa meigong: ''Ik bin gek op aventoer, mar dan moat der sawiesa in frou mei, om dêr allinnich om te hippen is ek neat''. Syn soan, efkes werom út Yndonesië, wol graach nei Mars: ''Ik soe meiwolle, wêrom net? De útdaging is moai en ik tink dat der foar my as sjefkok wol wurk is''.

Sa fine we yn Stiens dochs noch in kandidaat.

Trefwurden: 
Mars Stiens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)