Freeze Festival fiert 20ste jubileum op nije lokaasje

28 sep 2016 - 13:53

It Freeze Festival fiert dit jier it tweintichste jubileum yn Neushoorn: it nije plak fan Freeze.
Neist tal fan optredens wurde in soad prizen útrikt op it festival dat earder yn De Harmonie hâlden waard.

De bêste Fryske muzikanten en inisjativen meitsje kâns op de Friese Popprijs, of op ien fan de oare awards, lykas de Talent Award foar bêste nijkommer, de Video Award foar bêste Fryske fideoklip, de priis foar bêste Frysktalige act en de publykspriis.

Der binne al tal fan artysten fêstlein. Sân nije acts binne koartlyn oan it programma taheakke. It giet om Jungle By Night, HAEVN, Indian Askin, Amber Arcades, Eins Zwei Orchestra, The Exitlight Empire en Ravenna. Earder binne The Cool Quest, Pendants, Foxos, Lional al befêstige foar Freeze.

De kaartferkeap begjint 29 septimber. Freeze is 9, 10 en 11 desimber yn Neushoorn yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)