Sneltsjinsten Flylân ferfalle troch ferwachte hurde wyn

28 sep 2016 - 13:14
  • Sneltsjinst Rederij Doeksen

De ferwachte hurde wyn leit de sneltsjinsten fan rederij Doeksen fan en nei Flylân woansdei oan de ein fan de dei stil. De ôffearten nei tweintich oer fiven fan Harns nei Flylân, Skylge nei Flylân en fan Flylân nei Skylge farre net.

Ek de sneltsjinten fan en nei Flylân op tongersdei komme yn ferbân mei hurde wyn allegear te ferfallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)