Op 'e nij hege dioksine-útstjit by Harnzer ôffaloven

28 sep 2016 - 12:54
  • De pijp fan de REC yn Harns

By de steuring fan de REC yn Harns op 10 septimber is twa en in heal kear mear dioksine frijkaam as jierliks tastien is. Dat blykt út ûndersyk fan de provinsje. Oarsaak fan de steuring wie in stikkene fentilator. De útstjit is doe ûnfiltere de loft yn gien, dus net oer it doekefilter. By in steuring yn oktober 2015 kaam der ek te folle dioksine frij.

Omrin, provinsje, gemeente Harns en oare belutsenen binne sûnt de steuring fan 2015 dwaande de ôffaloven feiliger te meitsjen. Sa ek it foarkommen fan it útfallen fan de fentilator, dy't hiel wichtich is foar in feilige útstjit. Pas by in ûnderhâldsstop yn april 2017 wurdt in reservefentilator pleatst, dy't it oernimme kin at de oare útfalt.

De wurdfierder fan Omrin seit dat der net bûten de noarm gien is. Foar de REC jildt in jierlikse noarm foar útsjit fan dioksines. Dy jildt by "normaal bedrijf". De ferhege útstjit fan 10 septimber falt ûnder it maksimale tal steuringsoeren dat tastien is. Dat binne sechstich oeren yn it jier.

Deputearre Michiel Schrier lei Omrin foar dizze steuring earder al in boete fan 45.000 euro op. Omrin soe him wér net oan de ôfspraken hâlden hawwe. Sa wie de steuring wer te let melden, is der tefolle koalmonokside útstjitten en is de sintrale ek net binnen de ôfsprutsen tiid bûten wurking steld. Yn oktober ferline jier hat de provinsje in boete ûnder betingst oplein oan de ôffalferwurker, dêrfan moat no in part betelle wurde. Neffens de deputearre is it net mooglik om Omrin in boete op te lizzen foar de hegere útstjit fan dioksine. Dat soe wetlik net mooglik wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)