"Gjin sinnepanielen oan wâlskanten"

28 sep 2016 - 12:16
  • It gebou fan Wetterskip Fryslan yn Ljouwert, stock, Joris Kalma

Wetterskip Fryslân hoecht fan de Ried fan Steat gjin sinnepanielen op en lâns wâlskanten ta te stean. Dat docht bliken út in sitting oer in konflikt tusken it Wetterskip en Auwert Wouda fan Oerterp.

Neffens Wouda wie foar it pleatsen fan sinnepanielen oer it wetter gjin fergunning nedich. Hy hie al panielen op in steiger pleatst, om sa in hegere opbringst te krijen. It Wetterskip is der poer op tsjin en hat no gelyk krigen. Wouda moat de panielen ferpleatse, se moatte no boppe oan de sleat komme te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)