GGD docht ûndersyk nei sûnens fan grut tal Friezen

De ynformaasje oer it ûndersyk © Wytse Vellinga - Omrop Fryslân
Sa'n 31.000 Friezen krije kommende wiken in útnûging fan GGD Fryslân om mei te dwaan oan in grutskalich ûndersyk nei de sûnens en libbensstyl fan minsken âlder as 19 jier. De minsken wurdt frege in fragelist yn te foljen. Dat kin digitaal en skriftlik.
De útkomsten fan dizze sûnensmonitor sille brûkt wurde by it fêststellen fan belied en aktiviteiten fan gemeenten. It is dêrom neffens de GGD fan grut belang dat safolle Friezen as mooglik meidogge. De sûnensmonitor is ien kear yn de fjouwer jier.