Plasterk: "Graach in frou as nije kommissaris fan de Kening"

28 sep 2016 - 10:43

As it oan minister Ronald Plasterk leit, dan wurdt de nije kommissaris fan de Kening in frou. Dat boadskip joech er woansdeitemoarn mei oan de Provinsjale Steaten. "Ik geef u nadrukkelijk mee naar geschikte vrouwen te kijken. Dat is u geraden!", sei Plasterk.

De nije kommissaris fan de Kening moat noch foar de Krystdagen beneamd wêze, melde Plasterk fierder yn Provinsjale Steaten. Dêr waard de profylskets foar de nije kommissaris besprutsen. 

De fakatuere komt moarn yn de Staatscourant te stean. Kandidaten hawwe dan oant 24 oktober om te reagearjen.

Fertroulik

De minister sil sels in seleksje meitsje út de kandidaten. Fan dizze 'shortlist' mei in fertrouwenskommisje fan de provinsje twa minsken kieze. Allinnich de namme fan de man of frou dy't it wurdt, wurdt bekend makke. Plasterk hammere dêrom yn Provinsjale Steaten op fertroulikheid.

Tydlik kommissaris Joan Leemhuis heakke dêr oan ta dat se der gjin muoite mei hawwe sil om oanjefte te dwaan as der wol lekt wurdt. It soe neffens har net de earste kear wêze dat se foar sa'n saak nei de plysje stappe moat.

Profylskets

Yn de profylskets fan de nije kommissaris fan de Kening waard sprutsen oer in echte bestjoerder, mei each foar wat der yn de mienskip spilet. Ek moat de nije kommissaris in bân hawwe mei Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)