Fan âlde bylden nei in nij programma

© Omrop Fryslân
Alle woansdeis is Weromrop.tv om 18.45 te sjen: it fideo-argyf fan Omrop Fryslân. Yn it programma binne bylden fan Omrop Fryslân Telefyzje te sjen út it tiidrek 1985-2005. Mar hoe komt sa’n programma no ta stân? Wy fregen it de makster fan Weromrop.tv: Saapke Binnema.
Tweintich jier telefyzje fan Omrop Fryslân. It wie al in oanlieding om in fideo-argyf 24 oeren deis online beskikber te meitsjen op Weromrop.nl. No binne ek gearfettingen fan de moaiste bylden fan dy tiid alle woansdeis te besjen.
Wat is it moaiste datsto tsjinkaam bist yn it argyf fan de Omrop?
"Wat op my in grutte yndruk makke hat, is de rige oer de jierren tritich fan de foarige iuw. De dokumintêren, dy’t ek op Weromrop.nl steane fansels, binne yn 1989 makke. Dêryn wurde minsken ynterviewd dy’t de krisistiid doe noch echt meimakke hawwe. Relatyf is it noch net iens sa lang lyn, mar sy fertelle oer in hiele oare wrâld as dy’t wy kenne: earmoede, drege arbeid en in opkommende oarloch. Underwerpen binne bygelyks wurkleazens en wurkferskaffing, buorkjen yn krisistiid en de oanlis fan de Ofslútdyk. Ek al is it in âlde searje, hy is it besjen noch tige wurdich."
Hoe sikesto de bylden út foar Weromrop.tv?
"Der is net echt in proses of in hiel hurd kritearium foar. Ik sjoch hiel simpel nei wat der al online stiet op Weromrop.nl en besykje dêr in moaie mjuks fan ûnderwerpen út te heljen. Om’t de programma’s op telefyzje oan in bepaalde lingte foldwaan moatte, sykje ik earst nei de koartere útstjoeringen. Mar it bart ek wol dat der in langer programma opknipt wurdt yn twa dielen, of dat koartere reportaazjes gearfoege wurde ta in kompilaasje. Sels fyn ik de âldste útstjoeringen út de jierren ’80 en ’90 it moaiste fanwegen it nostalgyske byld. Wat wy online sette op Weromrop.nl binne meast rigen mei moai byldzjend materiaal út de perioade 1985 - 2005. Mar ek âlde nijsreportaazjes of achtergrûnprogramma’s wurde pleatst. It aardichst is it as der in link is mei de aktualiteit."
Wat is it gekste dat der werom te finen is yn it argyf?
"Der stiet in hiel rychje bannen mei bloopers fan kollega’s en Omropfeestjes yn it argyf! Mar dy sette we fansels net online… ;)"
Wat kinne wy de oankommende perioade noch ferwachtsje yn Weromrop.tv?
"Der komt noch in moai SkoalTV-programma oer automatisearring út 1988 oan bar. Kompjûters en databases binne dan noch net sa bekend as no, mar der wurdt dan ek al praat oer it privacyfraachstik, dat noch hieltyd aktueel is. In oare SkoalTV-ôflevering giet oer de suvelyndustry, mei âlde bylden fan it Fries Rundvee Syndicaat en de Ljouwerter feemerk yn de Frieslandhal. Wat ek aardich is, is it programma út 1998 oer de Fryske studinteferieningen yn Grins, Utert, Enschede en Wageningen. En der komt noch in nijsgjirrich programma oer it libben fan de Fryske skriuwster Simke Kloosterman."
Hopesto ek noch op bepaalde foarfallen dy’t letter foar moai argyfmateriaal soargje? Hokker soene dat wêze?
"Ferrassende fraach! Nee, dêr bin ik eins net hiel bot mei dwaande. Mar ik ferwachtsje dat Kulturele Haadstêd 2018 wis moai takomstich argyfmateriaal opsmite sil."
Weromrop.tv is alle woansdeis om 18.45 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Al it Omrop Fryslân argyf-materiaal is te finen op Weromrop.nl.