Kollum: "Sanikje"

28 sep 2016 - 08:42

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Boargemaster Roel Sluiter fan Harns hie’t oer syn riedsleden. Dy wiene, sei hy, altyd mar oan it 'zaniken'. Zaniken, ien n en ien k. Yn it Wurdboek van de Nederlânske Taal, de Van Daele, stiet foar zaniken: "het aanhoudend en op vervelende wijze over iets spreken". Dêr stienen ek noch sokke wurdsjes as “overbodige en lastige vragen” by. En “dreinerig”. Dat fûn ik wol in moai wurd. Dat kinne we yn it Frysk net. It wurd zaniken stiet net yn de Fryske Encyclopedie.

Wol yn it Nederlânsk-Frysk wurdboek. Of op de nije Fryske Wurdboek app. Foar in tientsje kin je dan op jo telefoan lêze dat zaniken sanikje is. Sanikje, dat brûke wy net safolle. We ha’t dan mear oer eamelje, jeuzelje, en yn de súdwesthoeke: seure. Mar dúdlik is wol dat as je it wurd zaniken brûke, dat je dan bedoele dat der immen eamelet.

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns brûkte dat wurd doe’t er it hie oer dat de gearkomsten te lang duorje fanwegen it ferbale gedrach fan riedsleden, it sanikjen. Dat is foar it oare wol logysk. Ik tink dat elke boargemaster sa oer syn ried tinkt, want in boargemaster leit yn tinken altyd in ein foar op riedsleden. Hy hat alles al trije kear bepraat mei amtners en wethâlders, en dan moat hy dat geëamel ek nochris oanhearre yn de riedskommisjes en de ried.

Mar dat sizze boargemasters net. O nee, boargemasters slagge in riedslid nei in gearkomste op it skouder en sizze dan: wat hiene jo wer in geweldige bydrage oan de diskusjes, sille we no mar efkes in buorrel nimme? Sluiter sei zaniken, mar die dat foar in mikrofoan dy’t noch iepen stie, wêrtroch alle minsken op it ynternet it hearre koene. Knopke net yndrukt. Oeeh. Stomme Sluiter. Dat wurdt noch in hiel o heden.

Okee, okee, we sizze allegear wolris tefolle. En sa slim as mei Allardyce , de bûnscoach fan Ingelân, dy’t oan as gewoane lju ferklaaide sjoernalisten ferkearde anderts joech en no al ûntslein is, sa slim giet it mei Sluiter net. Mar hege miters, en der hearre boargemasters ek by, moat der o sa om tinke om net bûten de pot te pisjen. Tsjintwurdich meitsje minsken har lilk om de lytste flaterkes. De sosjale media ûnderstreekje soks noch mear, en dan dûke de gewoane media der ek noch in kear oerhinne.

Roel Sluiter hie it oer sanikjen. Op dat typyske Hollânske toantsje wat hy as Hagenees altyd hâlden hat. Hy hat wol besocht tichter by gewoane minsken te kommen: hy wie eartiids kommunist. Mar dy leauden dat toantsje ek net. Dus hy die wat je dan dwaan moatte en brocht it Fryske folk ûntwikkelingshelp: hy waard ûnderwizer yn Ljouwert. Hy die doe ek in netsjes pak oan. Dan wurd je samar baas op in skoalle. Dêrnei is de stap nei riedslid en wethâlder net sa grut.

No boargemaster. In folslein logyske karriêre foar in as liberaal ferklaaide kommunist. Dy’t dan efkes seit dat hy wol woe dat de ried net sa sanikte. Want dat kostet sa’n soad tiid. En hy hie al safolle tiid ferlern mei it bywenjen fan de sântûzentrijehûndertfjouwerenfjirtichste demonstraasje tsjin de REC. Dat hie Sluiter yndertiid fergees meikrigen doe’t hy dêr boargemaster waard.

Fansels hat Sluiter yntusken ferûntskuldigen oanbean. Politisy libje yn de sorry-kultuer. En fansels, hy bedoelde it wat oars as dat it klonk. Mar Roel Sluiter moat him net ferûntskuldigje. Roel Sluiter hat gelyk. Riedsleden, net allinnich yn Harns, mar dêr ha we it no oer, riedsleden eamelje, jeuzelje alderûnhuerst. Want it nivo fan riedsleden yn dy te lytse gemeenten is skrikbarend leech. Dêrom beslute sokken dan ek har gemeente mar lyts bliuwe te litten, dan is der plak om te sanikjen.

It iennigste wat Sluiter dwaan moat is it soargjen dat dy riedsleden net mear jeuzelje kinne. Hy moat se by de hân nimme en sizze: jim moat tenei alles koart en saaklik behannelje en wat ien sein hat hoecht in oar net te werheljen. Meitsje wat jim wolle goed dúdlik foar de minsken dy’t der nei harkje moatte en seker de minsken dy’t der graach nei harkje wolle.

Sa sawat Sluiter. Mar doch der wat oan. Ynstee fan der inkeld mar oer te sanikjen."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)