Transferium yn Drachten hast klear, wurk oan dyk giet troch

28 sep 2016 - 08:24

It bouferkear rydt op en ôf by de Ureterpvallaat. It nije busstasjon, it 'Transferium', fan Drachten is hast klear, mar de werynrjochting fan de Ureterpvallaat is noch yn folle gong.

Troch de oanlis fan nije rotondes en it ferlizzen fan de dyk moat it ferkear dêr better trochstreame. Dizze wike wurdt de dyk klearmakke foar it nije asfalt dat kommende wike stoarten wurdt. It wurk by it transferium foar bussen is al hast klear, it wachtsjen is op de ynstallaasje fan it ljocht.

It nije busstasjon moat foar mear rêst soargje op it busstasjon yn it sintrum.

Mingde gefoelens

Omwenners fan de Ureterpvallaat yn Drachten hienen foarôfgeand oan it wurk mingde gefoelens oer de grutte plannen fan de gemeente mei de dyk. Se hiene benammen fragen oer hoe't it komme soe mei de oerlêst fan it wurk dat der dien wurdt. Ek wie net elkenien gelokkich mei it feit dat de dyk tichter by de huzen del rinne sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)