Hieltyd mear mbo-studinten studearje yn it bûtenlân

28 sep 2016 - 07:35

It tal mbo-studinten dat in staazje of stúdzje yn it bûtenlân docht, nimt ta. Hast 6 persint fan alle mbo'ers docht ûnderfining yn it bûtenlân op. Dêrmei wurdt de Europeeske doelstelling om yn 2020 seis persint fan de jongerein yn it mbo yn it bûtenlân studearje te litten, al helle.

De Fryske sifers lizze gelyk oan it Nederlânsk gemiddelde en dat betsjut dat ek ús provinsje aardich op streek is. Benammen mbo-studinten út de agraryske of toeristyske sektor geane relatyf sjoen faak op staazje yn it bûtenlân.

"Hiel moai"

It bedriuw EP-Nuffic set him yn om mear mbo-ers nei it bûtenlân tagean te litten. Direkteur Freddy Weima is dan ek bot tefreden mei dizze sifers. "Hiel moai dat wy no al op dy seis prosint sitte."

Neffens Weima is it wichtich foar studinten en wurkjouwers dat mbo-ers ynternasjonale ûnderfining opdogge. "Wat foar wurk asto letter ek dochst, der sit altiten wol in ynternasjonaal aspekt oan. Tink oan multykulturele pasjinten yn de soarch, of ynternasjonale partners yn de hannel. Dat giet dochs oars as yn Nederlân of Fryslân", seit Weima.

Firtuele útwikseling

Fanút EP-Nuffic jout er foarljochting oan studinten oer de ynternasjonale mooglikheden. "Dat hoecht net allinnich yn de foarm fan staazje of in stúdzje yn it bûtenlân. It kin ek gean om kontakt op ynternet mei bûtenlânske studinten. In firtuele útwikseling sis mar. Of it folgjen fan twatalich ûnderwiis."

It tal hbo'ers en wo'ers dat nei it bûtenlân giet leit folle heger, nammentlik 22 persint. Dat is logysk neffens Weima. "Dy studinten binne faak wat âlder. Dêrneist sit it folle mear yn de tradysje fan hbo en wo om nei it bûtenlân ta te gean."

Trefwurden: 
MBO bûtenlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)