Stikken glês op de N361, ferkear rydt stadich
Automobilisten op de dyk tusken Dokkum en Aldtsjerk, de N361, moatte woansdeitemoarn efkes oppasse. Der lizze op twa plakken grutte stikken glês op de dyk.
It ferkear rydt stadich en minsken warskôgje mekoar ek mei ljochtsinjalen. Wêr't it glês weikomt, is net dúdlik.