"Fryslân moat in 'reinbôgeprovinsje' wurde"

28 sep 2016 - 06:26

De provinsje moat mear dwaan om diskriminaasje fan seksuele foarkar, leauwe en ôfkomst tsjin te gean. Dat fine de Steatefraksjes fan PvdA, D66 en GrienLinks. De partijen wolle dat de provinsje him as 'reinbôgeprovinsje' oanslút by in beliedsoerienkomst dy't minister Jet Bussemaker earder sletten hat mei 42 Nederlânske gemeenten.

Under dy gemeenten binne ek Ljouwert en Súdwest-Fryslân.

De oerienkomst stimulearret lokale oerheden om belied te meitsjen dat de akseptaasje en emansipaasje fan homoseksuelen, lesbiennes, biseksuelen en transgenders ferbetteret.

Solidariteit en tolerânsje

"Onze provincie hoort een provincie te zijn waarin iedereen kan zijn wie hij of zij wil zijn", sizze wurdfierders Remco van Maurik (PvdA), Marieke Vellinga (D66) en Retze van der Honing (GrienLinks). Sy sjogge dat der geregeld minsken fanwegen harren foarkar of opfetting diskriminearre wurde.

De Steateleden fine dat net akseptabel en wolle dat de provinsje ferantwurdlikheid nimt om hjir wat oan te dwaan. "De provincie is toe aan een regenboogbeleid. Een beleid dat solidariteit en tolerantie stumuleert", sa sizze de Steateleden.

Om de striid foar lykweardigens kracht by te setten, pleitsje se derfoar om de reinbôgeflagge jierliks wapperje te litten op it provinsjehûs. "Als teken van verzet tegen discriminatie en uit solidariteit met iedereen die uit angst niet durft te zijn wie ze zijn of wat ze vinden", sizze de inisjatyfnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)