Gaslieding fljocht yn de brân yn wenning yn Snits

28 sep 2016 - 06:15

Yn Snits hat de brânwacht woansdeitemoarn west mei de bestriding fan in wenningbrân oan de Zoutepoel. It gie om in brânende gaslieding achter de foardoar fan it hûs.

Foar't de brânwacht blusse koe, moasten earst it gas en de stroom ôfsletten wurde. Oars bestiet neffens de brânwacht de kâns dat it gas út de stikkene lieding foar eksploazjes soarget. Nei goed twa oeren koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)