Mingpaniel fan wrâldartysten stiet no yn Grou

27 sep 2016 - 22:53

Producer Karel Post fan Grou hat in bysûnder mingpaniel út 1978 kocht yn Switserlân. De lûdstafel komt oarspronklik út Amearika en is brûkt foar de muzyk fan ûnder oare de Bee Gees, Bruce Springsteen en Chaka Kahn. De mingtafel hat yn de Atlantic Studio’s yn New York stean. Yn 1982 is it ferkocht nei Dútslân en hawwe David Bowie en Robbie Williams it noch brûkt foar opnames.

Post hat it no noch yn in hok stean, mar it moat úteinlik yn syn opnamestudio komme. Dêrfoar moat er wol de foarkant fan it gebouw der út brekke.

Neffens Post hat it mingpaniel it lûd dêr't er al jierren nei op syk is. Ferslachjouwer Willem de Vries gong by Post op besite.

Trefwurden: 
mingpaniel Karel Post Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)