Oprop Red de Sionsberg: Stjoer protestbrief nei De Friesland

Aksjegroep Red De Sionsberg © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Stichting Red de Sionsberg ropt alle fersekeren yn Noardeast-Fryslân, Noardwest-Grinslân, It Amelân en Skylge op om in protestbrief te stjoeren nei de foarsitter fan De Friesland, Bert van der Hoek. Neffens de stichting moat Van der Hoek oansprutsen wurde op syn ferantwurdlikheid as grutste lokale soarchfersekerder.
Troch de kontraktbreuk fan De Friesland wurde net allinnich minsken dupearre dy't in fersekering ôfsletten hawwe by De Friesland, mar alle minsken yn de regio, sa fynt de stichting.
Red de Sionsberg hat foarbyldbrieven publisearre op harren webside dy't nei ûndertekening De Friesland tastjoerd wurde kinne.