Fjouwer Friezinnen helpe flechtlingen op Lesbos

27 sep 2016 - 22:17
  • It flechtlingekamp op Lesbos dêr't de Friezinnen oan de slach sille

Fjouwer froulju út Akkrum en Ljouwert sille yn oktober nei Lesbos om flechtlingen te helpen. Anke-marije Piebenga, Trudy Kooistra, Joke van der Berg en Marieke Vos sille oan it wurk yn ien fan de flechtlingekampen op it Grykske eilân.

Troch de deal mei Turkije komme der folle minder asylsikers nei Nederlân. Neffens de froulju is dêrmei it probleem net oplost. De kampen op Lesbos sitte fierstente fol en de libbensomstannichheden binne striemin, witte se. 

Yn it flechtlingekamp dêr't de Friezinnen in wike lang oan de slach sille, sitte in hiel soad gesinnen mei jonge bern. De fjouwer hawwe allegearre ûnderfining yn de soarch. Trije fan harren hawwe ek foar it COA yn de asylsikersopfang wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)