Asylsikers op it mbo krije maatwurktrajekt

27 sep 2016 - 21:58

Foar jonge asylsikers komt der in mbo-maatwurktrajekt. Asylsikers oant 18 jier dy't nei de ynternasjonale skeakelklas trochstreame nei it ROC Friese Poort, krije ekstra taalstipe en stúdzje- en karriêrebegelieding oanbean. Se krije de kâns om yn maksimaal twa jier tiid de Nederlânske taal better te learen en te wurkjen oan beropsfeardigheden.

It ROC organisearret it maatwurktrajekt yn 'e mande mei ISK Singelland yn Drachten. Kommende moandei begjinne de earste lessen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)