PvdA'er Hoen wol Friezen yn top 20 op list Keamerferkiezings

27 sep 2016 - 21:40

Ien fan de trije Fryske PvdA-kandidaten foar de kommende Twadde Keamerferkiezings moat yn alle gefallen by de earste tweintich op de list stean. Dat fynt Henk Hoen, fan it Gewest Fryslân fan de PvdA. Dat soe rjocht dwaan oan it grutte tal PvdA-stimmers yn ús provinsje. "We moatte minsken op in herkenber plak krije", seit Hoen.

De trije Fryske kandidaten binne Marco Keizer fan De Trieme, Jelmer Staal út Ljouwert en Christa Oosterbaan fan Skylge.

Neffens Hoen is Diederik Samsom wol in geskikte listlûker, sa sei er yn it politike programma fan Omrop Fryslân, It Polytburo. "Dêrmei toant er lef". Tagelyk soe er it wol in goeie saak fine as der noch in tsjinkandidaat komt. Dat soe mooglik Lodewijk Asscher wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)