Fryske kampanjestrateech Pander oer debat Trump en Clinton

27 sep 2016 - 21:22
  • It earste debat tusken Clinton en Trump wie yn de Hofstra University yn New York. De nammejouwer fan dizze universiteit is Sake Hofstra, in emigrant út Frjentsjer
  • Donald Trump en Hillary Clinton

It debat tusken Donald Trump en Hillary Clinton fan sneontenacht sil net in soad ynfloed ha op de peilingen. Dat ferwachtet kampanjestrateech Bianca Pander fan De Jouwer. "Beide kandidaten ha dien wat de eigen achterban fan se ferwachte. En se ha gjin grutte flaters makke." 

Pander hat earder kampanje fierd foar Clinton, mar ek Trump die it goed, seit se. "Hy bleau hiel rêstich en sei hieltyd 'secretary Clinton'. Hy like wol presidinsjeel. Eins diene se it beide boppe ferwachting goed."

"By dizze ferkiezings stiet de takomst op it spul, sei Clinton, en eins is dat ek wol sa. In presidint hat flink wat ynfloed. Mar as Trump de ferkiezings wint, is it net sa dat ynienen hiel Amearika oars wurdt. Se ha dêr ek noch in soarte fan Earste en Twadde Keamer."

"Minsken hiene fannacht miskien wol leaver sjoen dat Trump in grutte fout meitsje soe of dat Hillary har op de kast jeie litten hie, fanút it eachpunt fan ferdivedaasje, mar as polityk debat wie dit bêst genôch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)