Dûbeld gefoel oer lêste begrutting Littenseradiel

27 sep 2016 - 21:14
  • it gemeentehûs fan de gemeente Littenseradiel

De gemeente Littenseradiel hat syn lêste begrutting as selsstannige gemeente presintearre. Fan 2018 ôf wurdt de gemeente opheft en wurde de doarpen ferdield oer de gemeenten Ljouwert, Waadhoeke en Súdwest-Fryslân. Wethâlder Bram Bonnema hat in dûbeld gefoel oer de begrutting. Hy is grutsk dat er de gemeente fan 2018 ôf finansjeel sûn oerdrage kin oan de trije weryndielingspartners. Lykwols is er ek wat tryst, om't dit de alderlêste begrutting fan syn gemeente is.

'Ofskied Littenseradiel'

Ut de begrutting docht bliken dat Littenseradiel in bedrach fan 100.000 euro apart lizze wol foar 'Ofskied Littenseradiel', it slotakkoard fan de gemeente. Dit moat in bliuwend oantinken wurde foar de ynwenners fan de gemeente. De plannen foar dit oantinken wurde op dit stuit útwurke.

Noed foar de ynwenners

Wethâlder Bonnema fertelt dat er de earste begrutting fan Littenseradiel út it jier 1984 fergelike hat mei de begrutting foar 2017. "Der is hiel wat feroare, mar it byld wat opriist út dy earste begrutting is dat de gemeente noed stie foar syn ynwenners, doarpen en personiel. Dat kinne wy ek sizze fan de begrutting 2017 en mearjierrerûzing oant 2020. In slutende begrutting mei in goed mearjierreperspektyf", sa seit Bonnema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)