Boskwachter is hieltyd faker konfliktbemiddeler

27 sep 2016 - 20:55

It wurdt hieltyd drokker yn de bosken. En de minsken dy't der komme, wurde ek hieltyd brutaler. Dat seit boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear. Hy moat hieltyd faker optrede as konfliktbemiddeler.

"Mear en mear minsken geane de natuer yn. Dat wolle we ek graach. It is moai yn de natuer. It is sûn. Mar it jout ek wolris konfliktsituaasjes", fertelt Vriesema.

Hieltyd mear boskwachters wurde oplaat ta bûtengewoan opspoaringsamtner (BOA). Troch better kontakt mei de meldkeamer fan de plysje kinne se flugger help krije as se yn de problemen komme.

Vriesema is al goed fyftjin jier boskwachter. Neffens him is it fak bot feroare en wurdt de publike funksje hieltyd belangriker trochdat de bosken folle mear iepensteld binne. "It rekreaasje-ûnderdiel wurdt hieltyd belangriker. De ien hâldt in opera yn de natuer, de oar wol mountainbike en wer in oar wol kuierje en dat botst wolris mei elkoar. Dêr sitte wy dan wer tuskenyn om dat yn goeie banen te lieden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)