Reade knipperljochten wynmûnen soargje foar argewaasje

27 sep 2016 - 20:18

De ynwenners fan Sondel, Aldemardum en Nijemardum hawwe skjin har nocht fan de fûle, reade knipperljochten dy't nachts te sjen binne op de 86 nije wynmûnen lâns de dyk fan de Noardeastpolder. Dy knipperljochten binne te sjen oant in ôfstân fan wol 50 kilometer.

De doarpsbelangen binne dêrom begûn mei in online petysje tsjin dy reade knipperljochten. Benammen yn Gaasterlân soarget it nachtlike knipperjen foar hieltyd mear argewaasje en oerlêst, fertelt Jeannet Bekedam fan Doarpsbelang Nijemardum.

Lâningsbaan

Doarpsbewenners fergelykje it mei in merke dy't de hiele nacht trochgiet of mei de lâningsbaan fan in hiel grut fleanfjild. De doarpsbelangen binne fan betinken dat de reade lampen hielendal net nedich binne, want foar it fleanferkear jildt in minimum fleanhichte fan 300 meter. Jachtfleantugen en ambulânsehelikopters hawwe nachtsjoggers en soene de knipperlljochten ek net nedich hawwe.

Tsjuster werom

De Gaasterlanners wolle graach it tsjuster wer werom hawwe, want dat nachtlike reade geknipper went noait, neffens wurdfierder Bekedam. Se wurde yn harren ferset stipe troch de Nederlandse Vereniging voor Omwonenden van Windmolens (NLVOW). Dizze feriening wol de saak ûnder de oandacht bringe fan de nasjonale polityk. Dy moat der foar soargje dat de regeljouwing op it mêd fan warskôgingsljochten op wynmûnen oanpast wurdt, sa seit de NLVOW.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)