Europa jout fergoeding oan hast 4.000 melkfeehâlders

27 sep 2016 - 19:52

Sa'n 4.000 Nederlânske melkfeehâlders komme yn oanmerking foar in Europeeske fergoeding om't se reewillich binne minder molke te produsearjen. Dat makke de Europeesk kommissaris fan lânbou Phil Hogan tiisdei bekend. De melkfeeboeren kinne 14 sint foar eltse net-levere kilo molke temjitte sjen.

Yn july stelde de kommissaris al 150 miljoen euro beskikber foar in regeling tsjin oerproduksje en lege molkprizen.  

De melkfeehâlders moatte begjin takom jier oantoane dat se fan oktober oant en mei desimber 80 miljoen kilo molke minder produsearre hawwe as yn deselde perioade foarich jier.

Trefwurden: 
fergoeding molkfeehâlders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)