Snitser (36) moat oardel jier sel yn foar misbrûken famke

27 sep 2016 - 16:46

In man fan 36 jier út Snits moat oardel jier de sel yn fanwegen it seksueel misbrûken fan in 14-jierrich famke. It famke rekke troch it misbrûk yn ferwachting, mar liet de poppe fuort helje. Twa jier letter fertelde se de plysje dat se troch de Snitser misbrûkt wie. Dy hie in relaasje mei de sus fan it famke. De Snitser sels ûntkent it misbrûk.

Fan de oardel jier sel dy't de man oplein krigen hat, is in healjier ûnder betingst. Ek moat er him geastlik behannelje litte en moat er it famke in skeafergoeding fan 2600 euro betelje.

Trefwurden: 
selstraf seksueel misbrûk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)