Brân yn heabult by Aldtsjerk soarge foar soad reek

27 sep 2016 - 16:41

Oan de Rhaladyk yn Aldtsjerk hat tiisdeitemiddei brân west yn in bult mei hea. Dat soarge foar in soad reek yn de omkriten fan de Trynwâlden. Neffens de brânwacht hat de neistlizzende pleats net yn gefaar west. It brânwachtkorps fan Gytsjerk hat mei twa blusweinen de brân útmakke.

Trefwurden: 
heabrân Aldtsjerk Rhaladyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)