Sierd van der Berg wurdt keeperstrainer by Jong Oranje

Sierd van der Berg fan Ljouwert wurdt de nije keeperstrainer by Jong Oranje. De 47-jierrige Van der Berg waard tiisdei presintearre troch de KNVB. Hy sil tegearrre mei de nije bûnscoach Art Langerer en assistint Paul Bosvelt de technyske staf foarmje. Van der Berg traint op it stuit de keepers fan FC Grins en as prof spile hy by SC Cambuur. Hy hat in eigen keepersakademy yn Ljouwert.
Van der Berg hopet him mei Jong Oranje te pleatsen foar it Europeesk kampioenskip fan kommend jier yn Poalen. Hy hat in kontrakt oant de ein fan dat toernoai.