Fries Museum hat primeur mei djoerste skilderij Alma-Tadema

27 sep 2016 - 15:47

By de útstalling oer de skilder Alma-Tadema yn it Fries Museum yn Ljouwert, dy't sneon begjint, is it meast kostbere skilderij fan Alma-Tadema foar it earst yn Nederlân te sjen. It giet om it wurk mei de titel 'Mozes gevonden!', dat koartlyn noch ferkocht is foar in bedrach fan 35,9 miljoen dollar.

Yn de jierren '50 wie der folle minder wurdearring foar it skilderij. Doe waard it oprôle doek yn in steechje efterlitten, om't de keaper allinnich belangstelling hie foar de gouden list. 

Gjin ynteresse

In meiwurker fan in keunsthannel fûn it doek en bea it oan oan ferskate museums, mar net ien woe it hawwe. Allen Funt, de man dy't ryk waard mei it telefyzjeprogramma Candid Camera, woe it ál hawwe en sûnt dy tiid is de priis by elke ferkeap flink omheechgongen.

Lêste grutte wurk

Alma-Tadema skildere it wurk yn 1904 yn opdracht fan in rike bou-ûndernimmer. De skilder wie doe 68 jier en it wie ien fan de lêste grutte wurken dy't er makke. Yn 1973 wie it skilderij foar it lêst te sjen foar publyk, yn it Metropolitan Museum of Art yn New York. Dêrfoar waard it tentoansteld yn 1905 en 1913 yn The Royal Academy yn Londen.

Ynspiraasjeboarne

It wurk fan Alma-Tadema wie letter in boarne fan ynspiraasje foar de filmwrâld en dat jildt ek foar it skilderij 'Mozes gevonden!'. Hollywood-regisseur Cecil B. DeMille basearre syn film The Ten Commandments út 1956 op dit doek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)