Langwar benaud foar parkeargaos by bou Stevenshoek

27 sep 2016 - 15:41
  • It bouplan Stevenshoek

Ynwenners fan Langwar binne bang foar in parkeargaos as it bouplan Stevenshoek trochgiet. Dêryn komme 18 apparteminten en in grand kafee. Beide partijen stiene tiisdei foar de Ried fan Steat. De gemeente De Fryske Marren fynt dat der binnen in straal fan 450 meter genôch parkearromte is, de Stiching Hart voor Langweer fynt dat 450 meter te fier is.

Neffens de rjochter binne foar sa'n bouplan sa'n 130 parkearplakken noadich en dy binne der net. De Stichting seit dat der no yn de simmer al te min parkearromte is. De útspraak is binnen 3 wike.

100 meter is fier genôch

Rjocher J. Scholten-Hinloopen stelde dat neffens de wetlike noarmen 100 meter it maksimum is kwa ôfstân tusken parkearplakken en wenningen en hoareka. De Stichting Hart voor Langweer is op himsels net tsjin it nije bouplan, mar fynt it plan fan Cor van Doorn te massaal foar in lyts wettersportdoarp. Neffens de omwennenden is der gjin ferlet fan safolle nije huzen en wurdt dêrmei it parkearprobleem alllinnich mar grutter.

Utlis fan de gemeente

De gemeente De Fryske Marren hie hiel wat te út lizzen by de sitting.Neffens de rjochter binne foar de bou fan 18 apparteminten en in grand kafee tusken de 80 en 130 parkearplakken noadich op it eigen terrein of flakby de nijbou. "Er komen er maar 20 op eigen terrein, dan is dat toch minimaal een tekort van 60,” sa stelt de Ried fanSteat. De wurdfierder fan de gemeente seach it allegear net sa dreech yn en ûntkende dat der in parkearprobleem yn Langwar is. Neffens him binne der yn in straal fan 450 meter genôch parkearplakken te finen. Ek ûntwikkelder Van Doorn sjocht gjin problemen: “achter het nieuwe woon-horecagebouw is een parkeerterrein met 40 plaatsen en tegenover het gebouw zijn 60 openbare plaatsen. Dat zijn er al 100.” Neffens de Stichting binne dat lykwols besteande parkearplakken dy't al brûkt wurde: “De bewoners van de Efterom kunnen ’s zomers nu al nergens hun auto kwijt. Dat weet de politie, maar de gemeente weet nergens van,” sa sei in doarpsbewenner.

17 meter heech

De stichting hat ek beswier tsjin in gebou fan mar leafst fjouwer boulagen fan maksimaal 17 meter heech. De gemeente fynt dat prima passen yn Langwar en ferwiist derby nei in bestimmingsplan út 1976 dat bou fan 25 meter heech tastiet. Rjochter Scholten pleatste dêr toch wol in oantal fraachtekens by.

Tsjinrapport

De boaiemproseduere oer it bestimmingsplan en de omjouwingsfergunning stiet foar 9 novimber op de aginda fan de Ried fan Steat. Dan sil de stichtig Hart voor Langweer in tsjinrapport yntsjinje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)