Slachtoffers deadlike ûngelokken identifisearre

27 sep 2016 - 14:23

De trekkerbestjoerder dy't tiisdeitemoarn om it libben kaam by in bedriuwsûngelok by Twellingea, is in 60-jierrige man út Toppenhuzen. De man wie mei syn trekker oan it wurk op in ponton by de Sjuwedyk. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke hy mei syn trekker neist it ponton en yn it wetter. Om't it om in bedriuwsûngelok giet, is ek de Ynspeksje Sosjale Saken en Wurkgelegenheid ynformearre.

Op de Jouwer waard tiisdeitemoarn in lichem yn it wetter fûn. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it om in 67-jierrige Jouster giet.

De man is nei alle gedachten mei syn fyts yn it wetter rekke. Om't de plysje gjin spoaren fan in misdriuw fûn hat, geane se út fan in ûngelok. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)