'Lân fan Taal' docht mei oan talefestival yn Utrecht

27 sep 2016 - 14:05
  • It ûntwerp foar it belevingssintrum fan Lân fan Taal foar Ljouwert KH2018

Fryslân is kommend wykein presint op it DRONGO-talefestival yn Utrecht. It giet om in talefestival foar elk dy't yn de taalsektor wurket of niget oan taal hat. Der wurdt in foarpriuwke jûn fan it programma 'Lân fan Taal', ien fan de projekten fan Kuturele Haadstêd 2018. Ek binne der Fryske skriuwers, lykas Hanneke de Jong en dichter Tsead Bruinja.

Yn de stand fan de provinsje Fryslân kinne besikers in tekening mei taljochting meitsje fan it moaiste of meast karakteristike wurd yn de eigen taal en op it "Hûs fol Ferhalen" plakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)