Sa sjocht de fjoertoer op It Amelân der ynkoarten út

27 sep 2016 - 14:00

Yn augustus waard al bekend dat de fjoertoer fan It Amelân yn novimber beskildere wurdt, no is ek it ûntwerp bekend. Keunstner Rachel van Balen hat keazen foar it tema 'Over de horizon'.

Op de toer binne yn novimber, mei de keunstmoanne op it eilân, ôfbyldings te sjen fan de see, dûkers en bisten lykas seehûnen en potfisken.

It giet net allinnich om de bûtenkant, de tolve ringen oan de binnenkant fan de toer wurde folle mei wurk fan in stik as tsien keunstners. Kunstmaand Ameland belibbet dit jier syn tweintichste edysje. It begjint op 5 novimber. Der is ek poëzy en muzyk.

Hannelsrûte

Pieter Smit fan de stichting Kunstmaand fynt it ûntwerp fan Van Balen prachtich. "Ik tink dat sy hiel goed antisipearre hat op sawol de titel 'Over de horizon' as The Nordic Art Connection dy't we graach yn de keunstmoanne ha wolle." Yn it ferline foeren Amelanners foar de hannel nei de Oostzee en no wurdt der keunst út dizze regio nei It Amelân brocht. "Dat hat sy hiel goed dien mei de walfisken dy't heech swimme, de potfisken yn it midden en de seehûnen dy't by It Amelan swimme", seit Smit.

'Doodzonde'

Riedslid Piet IJnsen fan Algemeen Belang Ameland is fûl tsjin it beskilderjen fan de fjoertoer. "Het is een baken op het eiland dat her en der wordt gebruikt voor reclameuitingen. En het is een rijksmonument met door het Rijk vastgestelde kleuren, elke vuurtoren heeft zijn eigen kleuren en motief. We vinden het doodzonde dat er op deze wijze expressie aan de toren wordt gebracht."

De ferve bliuwt in moanne sitte op de toer, mar giet der neffens Smit begjin desimber wer ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)