Menameradiel hiert opspoaringsamtners fan Ljouwert

27 sep 2016 - 11:53

Ynwenners fan Menameradiel dy't harren hûn losrinne litte of de auto parkearje op in plak dêr't it net mei, kinne tenei in boete krije fan opspoaringsamtners. De gemeente set dizze BOA's (Buitengewoon Opsporingsambtenaren) it kommende oardel jier yn.

Menameradiel hiert de amtners fan de gemeente Ljouwert. Dy wurde ek ynset by eveneminten en by kontrôles yn de hoareka en sportkantines. BOA's meie boetes útdiele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)