Stakende skilders: "Us takomst stiet op it spul"

27 sep 2016 - 11:36

"Wy wolle in goede CAO, ôfsletten mei de goede fakbûnen. Dit kinne wy net akseptearje." Skilder Jappie van Dijk is der dúdlik oer. In grutte groep Fryske skilders staakt tiisdei. Se binne it net iens mei de nije CAO dy't sletten is. De skilders soene der finansjeel flink op achterút gean.

Fakbûn FNV seit dat it tegearre mei it CNV by de ûnderhannelings bûtenspul setten is. De wurkjouwersorganisaasje OnderhoudNL hat in akkoart sletten mei it fakbûn LDV. Dizze soe inkelde tsientallen leden ha. Neffens FNV net represintatyf foar de sektor.

Ek Klaas Miedema fan Van der Geest Schilderspecialisten tinkt der sa oer. "Us takomst stiet op it spul. Mei de betingsten yn dizze CAO is der totaal gjin each mear foar de jonge skilders. Dy kieze daliks net mear foar it fak", tinkt er. Neffens Miedema geane skilders der flink op achterút as it giet om senioaredagen, reisoeren, kilometerfergoeding en opliedings.

"Socht om in hanteken"

Van Dijk seit dêrnjonken dat it grutste knipepunt foar him persoanlik, de hannelswize fan de wurkjouwers is. "Se hawwe gewoan in fakbûn socht dy't in hanteken sette woe. Wylst wy sels mei goede foarstellen kaam binne, mar dêr is neat mei dien."

Foar de skilder sels is it de tredde staking. "De oare twa wienen ek suksesfol, ik gean derfan út dat it ek no wer goed komt. We wolle de sifers omheech krije." Miedema: "Ik hoopje dat alles goed komt. We bliuwe posityf."

Yntimidaasje

Wurknimmers dy't stake wolle soene ek intimidearre wurde. Se wurde beskuldige fan wurkwegering. It fakbûn nimt dit heech op. Van Dijk en Miedema hawwe dêr sels noch neat fan fernaam, sizze se.

Yntusken hawwe fakbûnen FNV en CNV de wurkjouwers in ultimatum steld: se wolle foar woansdeitemoarn 7 oere in reaksje hawwe en de ûnderhannelings oer de CAO wer opstarte, oars folgje mear aksjes.

Yn Ljouwert wiene der tiisdei sa'n fyftich oant sechstich skilders dy't staakten.

Trefwurden: 
CAO skilders staking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)