Belgen sliepe ek graach yn Fryske hotels

27 sep 2016 - 11:31
  • Keamer yn it Ljouwerter Bastionhotel

Der binne yn Fryslân yn de earste helte fan dit jier folle mear hoteloernachtings boekt as yn it earste healjier fan ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau foar de Statistiek. It giet dit jier om 713.000 hoteloernachtings en dat is 13,5% mear as yn deselde perioade fan 2015. It is in trend dy't yn it hiele lân te sjen is.

Fryslân hat toeristysk sjoen in hiele goede simmer draaid. "It begong matich, mar oer de hiele liny hat it goed west", sa seit Martin Cnossen fan Merk Fryslân.

Mear Belgen

De measte gasten komme út Nederlân. De ynternasjonale gasten komme foaral út Dútslân, Grut Brittannië en ek hieltyd mear út België."Belgen betelje samar 10% mear foar in hotelkeamer as Dútsers en Nederlanners en se jouwe bûten it hotel ek mear jild út. Se meie benammen graach lekker ite', sa seit Cnossen. 

Mjitte is witte

De sifers fan it CBS binne frij grof, Cnossen soe dan ek graach sjen dat de sifers takom jier wer mear útsplitst wurde nei de provinsjes, sadat foar Fryslân sjoen wurde kin hoe't we it dogge.

 

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)