Tal húshâldings mei in leech ynkommen is heech yn Fryslân

It oantal Fryske húshâldings mei in leech ynkommen is de lêste 4 jier jier tanaam. Ljouwert stiet boppe oan mei hast 16 prosint, folge troch Harns en Smellingerlân. It docht neffens it Fries Sociaal Planbureau bliken dat in soad húshâldings dy't mei de ekonomyske krisis yn finansjele problemen kaam binne, der dreech wer út komme.
Fryslân rint achter by it lanlike gemiddelde. Dat soe komme om't de ekonomy yn Fryslân him minder hurd herstelt dan yn de measte oare provinsjes.
Menameradiel en Littenseradiel hawwe nei ferhâlding de minste húshâldings mei in leech ynkommen.
Wa hawwe it faakst in leech ynkommen?
Ut de sifers docht fierder bliken dat de problemen it grutst binne by ienâldergesinnen. 27% fan harren hie yn 2013 in leech ynkommen. Lanlik lei dit op 24,6%. Benammen gesinnen mei minderjierrige bern sitte geregeld yn de problemen: 37,7% yn Fryslân tsjinoer in lanlik gemiddelde fan 34,2%
Binnen Fryslân score Kollumerlân (46,8%), Achtkarspelen (43,5%) en Weststellingwerf (42,6%) it minst. It Bilt die it mei 26,8% it bêste.
Njonken ienâldergesinnen komme ek ienpersoanshúshâldings relatyf faak yn de problemen troch it ynkommen. Echtpearen sûnder bern of mei bern boppe de 18 jier hawwe it minst faak in leech ynkommen.
Wannear is der sprake fan in leech ynkommen?
It CBS (Centraal Bureau voor de Statistiek) hat it net oer earmoede, mar oer in leech ynkommen mei risiko op earmoede. Dêr is sprake fan as in gesin of húshâlden net genôch ynkommen hat om de basisbehoeften te betelje. It CBS keppelet dit oan in fêst bedrach. Yn 2014 lei de grins op 1020 euro yn de moanne.