Kollum: "Yngripe"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Duvelske dilemma’s moat men net tefolle fan ha. Bestean der trouwens ek net-duvelske dilemma’s? Godlike dilemma’s, om it sa mar te sizzen? Hawar, no bin ik noch net iens út ein of ik dwaal al ôf.
Yn alle gefallen wie er ôfrûne wike wer in kear te hearren, de útdrukking ‘duvelsk dilemma’. Dat wie nei oanlieding fan de kwestje Ryptsjerk, of, yn breder ferbân, de Trynwâlden. Dêr wie nammentlik in 51-jierrige man dy’t famkes lestich foel troch it meitsjen fan seksuele gebearten en hannelingen. It leit yn ’e reden dat soks foar grutte ûnrêst soarge. In ferskil mei oare ferlykbere gefallen wie dat it om in bekende gie. Plysje, bestjoerders en befolking koene de man as swakbegaafd en wisten dat er in swiere foarm fan autisme hie, mei namme PDD-NOS. Earder dit jier wie de man al feroardiele foar it stalken fan froulju yn Ljouwert.
Alden diene no ek wer oanjefte, en woene dat plysje en gemeente aksje ûndernamen om de man fan strjitte te heljen. En dat er holpen waard. Want dat er help nedich hie wie foar alle partijen wol dúdlik. Dêrmei kaam de kwestje yn in saneamd griis gebiet. Oan de iene kant moat der wat barre foar’t in sitewaasje út ’e hân rint, oan de oare kant binne der gjin mooglikheden om ien op te nimmen en/of medisinen ta te tsjinnen. Sjoch dêr it duvelsk dilemma yn syn skrinende gloarje.
Op dit stuit leit der in wetsfoarstel yn de Twadde Keamer om sokke minsken ferplichte te helpen, om se ferplichte medisinen te jaan. Boargemaster Ferd Crone, as foarsitter fan de feilichheidsregio Fryslân, is dêr in grut foarstanner fan. Hy trunet de polityk dan ek oan om fluch in beslissing te nimmen. Crone wit wêr’t er oer praat troch de sitewaasje mei Udo D. dy’t foarich jier yn Ljouwert in frou deasloech.
Yngripe om de maatskippij te beskermjen.
Krekt as Ferd Crone bin ik dêr in foarstanner fan. It folgjende punt is: moatte je minsken ek tsjin harsels yn beskerming nimme? Dêrby tink ik, mei út eigen ûnderfining, oan alkoholisten. Minsken dy’t harsels foar jins eagen nei de kloaten sûpe, sûnder dat ek mar ien de mooglikheid hat om yn te gripen. Josels net, de húsdokter net, de ynstânsjes net. Moat dêr ek net wat yn feroarje?
En hoe sit it mei anoreksia, boulimia, automutilaasje, dat minsken harsels iepensnije en skeine? Moat dêr op in stuit net fan bûtenôf yngrepen wurde kinne? Of komme je dêrmei yn in noch grizer gebiet telâne? Yn alle gefallen moat der oer neitocht wurde.
Wat Ryptsjerk oangiet: de man yn kwestje hat it doarp frijwillich ferlitten. It is te hoopjen dat se him binnen de beheinde mooglikheden helpe kinne. As dat net it gefal is, sil alles him werhelje en dan mei faaks slimme gefolgen. Sa fier moat it net komme."