Dronryp komt mei eigen ekspo oer Alma-Tadema

27 sep 2016 - 08:17

De ferneamde keunstskilder Sir Lawrence Alma-Tadema krijt fan dit wykein ôf net allinnich alle omtinken yn in grutte eksposysje yn it Fries Museum, mar ek yn it doarp Dronryp. Fan freed ôf binne der twa tentoanstellingen yn syn bertedoarp.

Yn de bibleteek wurde foar it earst tekeningen en knipsels, makke troch Alma-Tadema doe't der in jier as 14 wie, oan publyk tentoansteld.

Keunstrûte

Ek komt der in keunstrûte troch de âlde kearn fan it doarp. Yn de etalaazjes fan in oantal histoaryske gebouwen komme reproduksjes op wiere grutte fan Alma-Tadema te hingjen.

Dêrneist komme ek keunstwurken fan bekende keunstners fan no, dizze binne ynspirearre op it wurk fan Alma-Tadema.

Tresoar

Healwei oktober hat ek Tresoar yn Ljouwert noch omtinken foar Alma-Tadema. Dêr binne jeugdstikken fan de skilder en persoanlike items, lykas syn berte-akte te sjen. Boppedat eksposearje dêr 24 keunstners dy't ek wurk makke dat besiele is troch it wurk fan de Dronrypster skilder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)